RuthSimke Kloosterman

Opening the book…

Ruth

Simke Kloosterman

Ynhâld.

Winternocht Beppe yn ’e fleur Sémanslot Marije For in Bern Yn ’e Mieden As de klokken liede Harald de Romrofte De Sisters Fen frede Fen frijdom Masters Ruth Hy, dy-t it woán De lêste trouwe Sichttiid Hjar sang Libbensbloei De Keningssoanen (mei mesyk) Leed en Wille For Tsjibbe Gearts fen der Meulen Oantinken (mei mesyk)

WINTERNOCHT

De wrâld jowt ûnder ’t tek fen snie hjar del, Sa rûch fen rym binn’ beam en skûrre, En de easterwyn, dy ’t lang sliept, spilet om ’e mûrre, En makket ’t elzenbeamke oan ’e sleatkant kjel; It trillet, ’t floksatyn, dêr ’t mei biplomke wie, Falt fen ’e twiichjes, der de wyn it siedde hie.

Sêft oer ’e fjilden streaket wintersinneljocht, En ’t boartlik wetter sliept, yn fêste bân bisletten. De tiid, it wirk wirdt for it nocht forgetten! Min bynt de iizren wjukken oan en fljocht De mar oer, hwêrfen de ein yn ’t lege lân fordwynt, De baen him krinkljend nei it fiere toerke wynt.

Wyls ’t strykt de âld opfeart del, nei ’t priisforriden ta, It jongfolk, rea fen troanje en blierens yn ’e eagen, Sjocht wylde goezzen nei, dy ’t út it Easten fleagen; Nou laeitsje en prate, joun dan sjonge hja, En ride ta op ’t âlderhûs, forskûle as ’t leit Yn hege beammen yn syn winterienlikheit.

Sa’n winterdei, as w’oer de fjilden eagje, Neat sjogge as snie, dêr ’t libben ûnder sliept, Neat hearre as in oes, dy ’t oan ’e súdkant dript.... Dan tink’ we om mylder wyn, dêr ’t lizich reid op soeit, Om ’t maitiidssintsje, dat op ’t boartlik wetter djoeit, Om ljurken, dy ’t yn hege loften sjonge.... O Maitiid, kom! en lit dyn ljeavens ’t dwaen, Om ’t libben fen ’e wrâld syn jonkheit wer to jaen.—

1898.

BEPPE YN ’E FLEUR

Beppe siet yn ’e hirdsberne mei in greate bûterskûtel fol woarstfleis op ’e skirte en ’t woarsthoarntsje twisken de fingers en hja seach ris troch de bril, dêr ’t hja fen sa’n omrinder om ’t skik oankaem wie, hwat for frjemde fiten hjar bernsbern yn ’e útsettinge hiene. It wierne twa tsjeppe fammen: Lokke, beppe hjar genaemd en Rikst, hjar sister, dy ’t hjerstmis, as de lêste forwile blêdden oer ’e keale lânnen stouden, fen ’e Simmerdyk by Birgum, dêr ’t hjar heit genjirker wie, nei de Trynwâlden ta teagen, om ’e Ryptsjerkster beppe by ’t woarstjen to hânlangen. ’t Ald sloof hie ’t oars to bânnich.

Nou sieten hja om ’e roune klaptafel en makken de lêsten dien, en de âlde sifertse kat, dy ’t de hiele joun al op it katteplankje ûnder ’e tafel sitten hie to longerjen nei de feltsjes, rekte him út en streake om ’e frouljue hinne. Wyls ’t Rikst de boel birêdde, helle Lokke út beppe bod’lerij de moaije saksise reaukes, dy ’t oars net brûkt waerden, as dat lânhearre kaem to jeijen ef as pastoar en syn oarrehelte op in winterjoun kamen to pizeljen, en dy waerden op ’e tafel klear set mei in pantsje mei stikken Grinzer koeke derby. Hwent sjoch, nou joun wie ’t ek hwet oars; beppe hie in bulte mei ’t jongfolk op en sadwaende waerde Lokke ek net biskrobbe. De lytse môlketsjettel wie al út ’e skûtelbank yn ’t foarhûs helle en deryn waerde nou de sealjemôlke oergetten, dy ’t boppe in fjûrke fen hearehout oan ’t hael hinge to protteljen.

Rikst kaem wer yn, skodde ’t rêchkjessen út beppe briedstoel hwet op, joech hjar, wyls ’t Lokke yngeat, in nije klûs en sei: „Krije wy nou it teltsje út beppe hjar fammetiid to hearren, sa’s beppe ús forline jier al ûnthjitten hat?”

„Ja,” andere beppe, „Jimm’ ha dêr al salang oan toarnd, it scil nou einliks wol ris wêze moatte.”

De fammen skikten hwat tichterby en beppe bigoan:

—Lykwol it in lytse sechstich jier forlyn is en beppe hjar rêch nei de groun ta bôget, dochs scil ik jimm’ fortelle, ho ’t myn sister Syts en ik, do ’t wy noch sa’n pear fleurige jonge fammen wierne as jimm’ nou, for de earste kear Dokkumer merke hâlden ha. Dat Rikst efkes glimket, ûntgiet my net—dû sjochst in âld wyfke foar dy, fâldich fan troanje en mei in ynfallene mûle en dat sûnder it trêdde foetsje net rinne kin, mar dû tinkst der net om, dat ik ek ienris in tsjep jongfaem wie, kreas en derten as in jong hynsder, dat fen ’e winterstâl komt en ik lake moarns en song jouns, lyk as it jongfolk it nou ek noch wend is. Hwent safolle is ’t minskdom net foroare, dat hja it sûnder wille rêdde kinne.

Us mem, jimm’ oerbeppe, wenne as widdou mei Wybren, Syts en my, hjar trije bern op itselde steed, der ’t ik nou yet boerkje en by jimm’ sit, om jimm’ de noaten fen in âlde sang út myn fammetiid foar to sjongen. In moike fen ús mem, dy ’t yn hjar bineamd wie, hie ús mem dit pleatske mei in skoane útgong finnen en in great plak mieden en reidpoellen yn ’t Geastmerfjild, tamakke. Letter, do ’t Wybren der út gyng, Syts troude en mem wei wie, moast it spul forkoft wirde, om út eltsjoar to reitsjen. Gjinien fen ús hie safolle blanke skiven om it hâlde to kinnen en do is lânhearre kaem en dy hat der ús for in skoane priis ôfholpen. Dit waerde der by bitinge, dat it for in binlike hierpriis myn wente bliûwe scoe, salang, as ik de toffels foar ’t bêd sette. Dit is in lyts oanrintsje, fammen, ear ’t beppe hjar oan ’t teltsje weaget.

Us Syts, dat wie do it sintsje yn ’e hûs, dy hie altyd wille en mem skodholle wol ris en sei dan: „Fanke, fanke, ast’ dizze blide tiid mar net ris mei in bulte triennen bitelje moaste. Dû sist’ yet omstean leare.”

Mar dan lake Syts en ’t andert wie grif: „Och mem, skrieme kin altyd noch wol—lit my nou earst noch mar ris hwat wille ha. It ûnk rint sa hird, dat komt my fensels wol byneist.” Dan helle hja ris op fen „To Bolsert yn ’e merke,” en reage sa yn ’e earnamers om, dat mem stilkes nei ’t fjûr yn ’t hutsje ta slûpte en Syts gewirde liet. ’t Wie dochs forsketten krûd; Syts liet hjar hjiryn net bilêze en sadwaende liet mem it njonkenlytsen, om der altyd alweroan oer to jeuzeljen en libben wy fredich en woltomoed op ús âlde pleats yn ’e hege elzen.

Jimm’ beppe, dat wie do noch mar sa ’n great fanke, der ’t nimmen nei seach, mar Syts, dat wie in fromminske as in lôge mei moaije blauwe eagen en as hja lake, dan krige hja sokke ljeave dobkes yn ’e reade wangen, dat min scoe sizze, hokker lytse skelm draeit dy der sa drystwei yn? Jimm’ kinne tinke, der kamen de feinten op ta as d’âld roeken.

Sneintomoarns, dan bigoan ’t al. As wy de loane del kuijeren nei tsjerke ta, dan strúnden der al feintsjes foar ’e kouweglêskes ef de skûrrefinsters om en seagen Syts salang efternei, dat hja der hast blyn fen waerden. En dan yn ’e bûrren! en by ’t útgean fen ’e tsjerke! Syts tocht nearne om, tominsen net, dat sa ’n opslûpen fanke fen skraelwirk achttsjin jier, sa âld wie ik do—al sa ’n fine noas hie yn dat stik fen saken.

Sa gyng it Sneintomoarns, mar Sneintojouns! dan wie ’t al oars, mar net better. Wech en der wear kamen hja wei, dy feinten, klaeikerts en wâldsjers en guont, dy ’t der krekt twisken yn wennen, smoute praters en oaren, dy ’t mei de mûle fol tosken sieten—to foet en op ’t hynsder ef op hege skuitsjeseazen mei in hirddraver derfoar, dy ’t it skûm op ’e bek stie en der Wybren wol in healûre op om aeike, eart hy him op ’e stâl brocht en dan kaem my dat folk yn ’e hûs en skikte mei oan en diich in steil wird. Ja, ja it wie in tiid do en ek in plezierige tiid! Och, ik mocht der sa skoan oer—it joech hwet fordiwedaesje winters en wy hearden ek noch ris hwet nijs.

Ienris barde it—de âlde stoeltsjeklok hie ús krekt hearre litten dat it acht ûre wie—do waerde de doar mei fûle foarsje opsmiten en de mounlerssoan út ’e bûrren kaem yn, sei „Joun” en foel op ’e stoel, dy ’t Syts him taskikte, del. It wie in stille feint, dêr ’t net folle wezen yn siet, mar hy miende it oars tige bêst en syn âlden koene it skoan rêdde. Mar al wie hy de soan fen in mounler, dy ’t troch de wyn ta eare en oansjen kaem wie, it wie gjin koarn op ús Syts hjar mounle, hear! „Hwat tinke jimm’,” sa sei hja krekt, „dat ik my mei sa’n moalpûdde troch de wrâld slaen wol?”

Sadwaende roan dat mei twa kear ôf.

Letter op in reinige joun yn ’e hjerst hearden wy ris in heislik libben by de pomp ûnder ’e linebeammen. Der waerde om mâllens pompt en in amer trûzele mei great gerattel oer it bjinstap.

„’k Leau wrachtsjes, dat der ûnrie is. To Wybren, jonge, sjoch ris efkes,” sei mem, dy ’t krekt yn ’e hirdsherne siet to slûchjen en nou kjel wekker waerde.

Wybren, dy ’t foar ’t fjûr op in foech houten bankje siet to stoareagjen nei de lôge, die ’t heech út ’e droege prikken sloech en by de izeren plaet op en del dânse—kroaske mei de toffels heal oan nei de doar ta en Syts en ik, dat sprekt as in boek, slûpten him binijd efternei. Troch in skreef fen ’e heal-iepene boppedoar seagen wy, ho-t him in greate, skoudrige feint mei ûs bêste nije luiwagen de modderige learzens hwat ôfhimmele en hjar mei in ammerfol wetter neispielde. Do ’t wy wys waerden, dat Wybren en de jounprater rislewaesje makken om in smûk en waerm herntsje hy ús hird op to siikjen, pykten wy út en sieten froed en stil by mem to damjen, do ’t de keamersdoar iepengyng en hja ynkamen.

’t Wie in boeresoan fen ’e klaeikant en hy hie der in ûre ef trije rinnen for oer hawn op dizze reinige Snein yn ’e lette hjerst, om ris mei Syts to praten, scill’ wy mar sizze. Ik kipe tomûk ris efkes nei Syts, dy ’t der mei hjar fyfskaften jak oan, de greate bûnt skelk foar en twa stringen kerlinene kralen om ’e ynblanke hals, sa kreas as in krúsbei foarsiet en ’k mirk wol oan it triljen fen hjar lange eachshierren, dy ’t as side op ’e blijreade wangen foelen, nou ’t hja de eagen foardel sloech, dat hja al drok oan ’t taksearjen wie mei de baes by de hird.

Nou, dy koe wol meidwaen. Der scoene in hopen wêze, tocht my, dy-t it him net hâlde koene mei gnappens en derby diich hy in wird as domeny op ’e stoel, sa dat wy der forsteld fen stiene. Dizze noaske Syts dan ek folle better as de mounlerssoan út ’e bûrren. Hy koe bliûwe en do ’t wy ûnder ’e wolle kroepen, teagen hja togearre nei ’t bûthûs ta en formakken hjar der, wyls ’t hja it tútlampke yn in amer hiene to stean, om ’e strúnders, witt’ jimm’!

’t Scil amperoan toalve ûre wêst ha en ik hearde wol, der strúnde jongfolk om ’t hûs, do krige ik in skrik, dêr ’t my noch wol in wike de lea fen neitrille. As hiene de ljue mei tsjien goezzeroeren op ús glêzen oanlei, der hoefde gjin greater geraes to wêzen. Poffe, skreauwe, laeitsje, ’t gyng der núver oan wei en efkes letter hearde ik wol, ho ’t de strúnders oer ’t bartsje stroffelen en foartslûpten. Hja wierne, sa ’t like, foldien.

Dat moast ik dochs ris fynder útspinne en de oare moarne sei ik tsjin Syts, dy ’t gryslike slieprich wie: „Nou, nou, dat wie fen nacht ek in núver spul, net? Hast it grif ek wol heard, dû siest’ ommers mei sa ’n klaeiboer yn ’t bûthûs!”

„Ik, fanke, ikke? mienstû, dat ik by soune minsken wekje wol? Fen ’t sjitten ha ’k neat heard—ik sliepte swiet, lytse njirre!”

Earst liet Syts neat los, mar einliks koe hja it dochs net mear forswije, sa tante ik hjar. Do fortelde hja my, ho ’t de hiele joun de strúnders om ’e kouweglêskes spûke hiene en skoaiden om in pypfol tabak. „Wachtsje mar,” hie Syts do roppen, „ik scil jimm’ by de efterdoar wol helpe.” De bysfeinten mei de mounlerssoan as haedman derhinne fensels, wyls ’t Syts, om hjarren ris in goede ôflear to jaen, út it foarhûs fen ’t skoenboerd in pûdtsje mei los krûd helle, dat hja ris mei in moai praetsje fen Wytse jager los krige hie en der hânsum hwet fen yn it tabaksfetsje rûgele. Nou kaem de bûthûsdoar fen ’e skoattel en ’t houtsje en glimkjend hie hja ’t de feinten oerjown.

„Scil ’k jimm’ ek yet in krom fjûr helje?” hie hja ek noch tsjinstich frege.

„Dat ha wy sels wol,” anderen hja do en gyngen yn ’e smoute fen ’e krimpe twisken bût- en lytshús stean en sloegen mei de fjûrstien yn’e tonderpot, dat de fonken der nei stouden. Mar do ’t it krûd it fjûr roek, do gyng it mâl, dat kinn’ jimm’ tinke; de pyptsjettels fleagen hjir en dêr en de feinten hjar efternei. Dat de oare moarne, do ’t Syts meltsje scoe, it hiele potrak mei hear en fear op ’e skûrrenaed fen ’t lytshús stie, der Wybren it mei de ljerre aloan eameljend wer wei helje moast, dat wie de wraeknimming fen ’e bizen, dêr ’t Syts en hjar spylfammen hjar wol in wike lang jouns by datselde potrak oer formakken.

Dit barde yn ’e hjerst; it waerde winter mei sterk iis en moai waer; do moasten de jongeljue fensels al to baentsjeriden nei de Trije-pypster-baen by Dokkum en Freeds ’t Ljouwert-folk yn ’e miette en de oare maitiids, kin ’k jimm’ sizze, do wie ’t noch oan. Hja kreauwden wol ris, as Fetse ris in earnstich rytsje hie en Syts hjar der mei hjar blierhertigens net ta bijaen koe en der fen klearebare gútichheit ljochtfonkjes út hjar moaije eagen skeaten—mar sjoch, it sette gjin forkeard bloed, der bleau neat fen sitten.

Sjoch, jimm’ beppe hie do ek tige hiem, hwat Eva ús as in erfskip neilitten hat: ik wie ôfgryslike nijsgjirrich. Earst hie ’k wol ris op in Sneintojoun yn ’e tellegong omskildere en troch in oastgatsje loerd nei Fetse en Syts, mar neat heard ef sjoen, sadat ik hânsum makke, dat ik troch de skûrre, der ’t it sa onhúslike tsjuster en spoekrich wie, wer yn ’t foarhûs kaem, der ’t ik efter de koarte bêdsdoarren wei waerde. Om to sliepen, tink’ jimm’? Och heden né!, ik hie dat fet hiel oars bikûpe en bihindich mei de boar in foech iepeningkje makke yn ’e planken fen it bedsteed, dat yn ’t bûthûs útboud wie, en dan moast ik efkes harkje. Ek mar in amerij, hwent al ringen kaem de sliep my ornaris oer ’t mat en rekke ik fortiisd yn ’e moaijste takomstdreamen.

Download the whole book: EPUB, MOBI, FB2